Europeeske ferkiezingen libje net yn de provinsje

09 maaie 2019 - 13:55

Oer twa wiken binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint, mar dêr is yn de provinsje noch net in soad fan te fernimmen. Der wurdt amper kampanje fierd, der binne hast gjin folders ferspraat en de buorden foar ferkiezingsposters binne noch sa goed as leech. Hoe kin dat?

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

By de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten kaamst de lokale politisy oeral tsjin, mar wêr binne se no? Neffens Anja Haga fan de ChristenUnie en Raquel Garcia fan D66, beiden kandidaten foar it Europeesk Parlemint, binne se drok dwaande, mar libje dizze ferkiezingen minder yn de provinsje. Se ha it dan benammen oer de kiezers. "Minsken sjogge de urginsje wol, mar it is wol wat dat we hiel aktyf ûnder de oandacht bringe moatte. Elke dei opnij", seit Haga.

Garcia is it dêr mei iens. "Dat is herkenbaar. Het leeft niet heel erg onder de burgers. Het begint nu pas een beetje op gang te komen. Ik vind het heel belangrijk om een-op-een in gesprek te gaan met mensen op straat, in de supermarkt, bij de bakker, op het schoolplein. Daar kunnen we ook als politici en partijen een verschil maken."

Kampanjewurch

Provinsjale bestjoerders wolle wol kampanje fiere, ha se witte litten. Dochs komt dat der net sa fan, omdat se it drok hân ha mei de provinsjale en wetterskipsferkiezingen. Ek jouwe se as ferklearring dat it jild op is en dat se in bytsje wurch en net sa kreatyf mear binne.

Dat gefoel krije Haga en Garcia lykwols net fan de eigen achterban. "Het is wel waar dat mensen campagnemoe zijn", seit Garcia. "Maar juist daardoor moeten wij als kandidaten een extra push doen om mensen te motiveren. En zeker de laatste twee weken van de campagne iedereen op de been krijgen en op straat krijgen."

Kandidaten Anja Haga fan de ChristenUnie en Raquel Garcia fan D66

(advertinsje)
(advertinsje)