Lêste oerlibjende fan oerfal Blokhúspoarte Gerrit Fokkema stoarn

09 maaie 2019 - 13:42

Gerrit Fokkema is stoarn. Hy wie de lêste noch libjende finzene dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch it ferset befrijd waard by de oerfal fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

Fokkema siet yn 1944 yn de finzenis, doe't it ferset him en in grutte groep oare finzenen dêr út wist te krijen yn in oerfal dy't hiel ferneamd waard. Yn 1962 waard de film 'De Overval' deroer makke. Fokkema siet fêst yn de Blokhúspoarte, omdat er net nei Dútslân ta woe te wurkjen.

Nei de oarloch spruts er faak oer wat him oerkaam wie, ûnder oare by betinkingen fan de Twadde Wrâldoarloch. Dat die er noch oant op hege leeftiid. Fierders hat hy him ûnder oare ynset foar de kristlike skoutinggroep Burmania, de provinsjale 4 maaiebetinking en de werynrjochting fan it Potmargegebiet yn Ljouwert.

Foto: Gemeente Ljouwert

Yn 2017 krige Fokkema it Leeuwarder Leeuwtje, in ûnderskieding bedoeld foar minsken dy't har ynset hawwe foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip. Goed tsien jaar lyn waard er beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Gerrit Fokkema is 95 jier wurden.

(advertinsje)