Nij kultureel sintrum en fernijde sporthal moatte âlde foarsjenningen yn Balk ferfange

It kolleezje fan gemeente De Fryske Marren ûndersiket hoe't it de maatskiplike foarsjenningen yn Balk op peil hâlde kin. It plan: kultureel sintrum 't Haske en sporthal De Trime moatte opknapt wurde. Dêrtsjinoer moat der ôfskie naam wurde fan sealesintrum De Treemter en de gymnastykseal oan de Herman Gorterstrjitte.
't Haske yn Balk © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat binne foarearst de resultaten fan in stúdzje nei de maatskiplike foarsjenningen yn Balk. De plannen wurde foarlein oan de ynwenners, mar it kolleezje freget oan de gemeenterie wol fêst rekken te hâlden mei de kosten.

'Grut Haske' yn plak fan De Treemter

Kultureel sintrum 't Haske moat wat de gemeent oanbelanget in doarpsseal krije en opknapt wurde ta in 'Grut Haske.' Fierder moat it duorsum eksploitearre wurde. It moat De Treemter ferfange, dit âlde sealesintrum kin neffens it kolleezje sloopt wurde en romte meitsje foar parkearplakken en (sosjale) wenningbou.

Sporthal De Trime grutter

De gymnastykseal oan de Herman Gorterstrjitte is neffens de gemeente oan ein. In grutter sportkompleks De Trime moat de seal ferfange.

It doarp sels ferdield

Pleatslik Belang Balk hat in 2018 in peiling holden nei de foarkarren yn it doarp. Doe die bliken dat it 50/50 wie, it doarp wie ferdield tusken renovaasje en nijbou. Dochs fynt de gemeente it senario 'Grut Haske' de bêste oplossing.
In definityf beslút is lykwols noch net naam, dêr moat jild foar wêze en de gemeenterie moat it dêroer iens wêze. Dochs nimt it kolleezje foarearst ôfskie fan oare senario's.