Komt der in koksoplieding op Skylge?

09 maaie 2019 - 12:03

ROC Friese Poort is drok dwaande om op Skylge de oplieding 'basiskok' op te setten. Dizze oplieding foar folwoeksenen wurdt troch de brânsj erkend. Ynearsten komt de oplieding yn de fêstiging yn Snits, mar nei in gearkomste op Skylge is it idee ûntstien om dêr ek mei de oplieding útein te setten. It plan giet troch as der minimaal tsien dielnimmers foar de koksoplieding binne.

ROC Friese Poort - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op de Waadeilannen kinne se dreech oan hoarekapersoniel komme. Sa besleat strânpaviljoen Heartbreak Hotel op Skylge om op dizze woansdeis de doar op slot te hâlden. Opliedingsmanager fan ROC Friese Poort, Peter Wattel, sjocht ek dat der in tekoart is oan personiel. Oan de oare kant sjocht hy it toerisme allinnich mar groeien. "De instroom van het aantal studenten neemt af maar de ontwikkeling van het toerisme in Friesland neemt toe. Dan moeten we wel wat gaan doen," fertelt Wattel.

Mear opliedingen tsjin tekoart

De startdatum fan de koksoplieding stiet no op begjin septimber, mar is yn oerlis noch te ferpleatsen nei bygelyks ein oktober. Dat wurdt dien om't it heechseizoen yn de hoareka dan ôfrint en der mear tiid is om alle enerzjy yn de oplieding te stekken. De koksoplieding is noch mar it begjin. Yn oerlis mei de gemeente, hoareka-ûndernimmers en skoallen moatte úteinlik ek oare hoarekapersonielsopliedingen nei de eilannen komme om it personielstekoart op te fangen.

De oplieding 'basiskok' kin in ferfolch krije mei de oplieding 'selsstannich wurkjende kok.' Beide opliedingen duorje 25 wiken fan ien jûn of moarntiid yn de wike. Minsken dy't nijsgjirrich binne nei de oplieding kinne harren opjaan. By foarkar op Skylge wurdt frege om dit derby te fermelden.

Peter Wattel oer de koksoplieding op Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)