Spoarwurk by Akkrum útsteld: daamwand leit der al

It wurk oan it spoar by Akkrum is foarearst útsteld. Dizze moanne soe ProRail begjinne mei de oanlis fan nije daamwanden neist it spoar, mar no docht bliken dat dy der al lizze. Dat kaam nei foaren by in ynformaasjegearkomste foar de omwenners.
Spoar © Shutterstock.com
Ien fan de besikers wist te fertellen dat der mei it fernijen fan de brêge goed tsien jier lyn al in daamwand oanlein is. ProRail wie hjir net fan op 'e hichte en hat de situaasje op 'e nij besjoen. Derút die bliken dat de daamwand der yndied is.
ProRail moat no nije ûndersiken dwaan en nije berekkeningen meitsje. Allinnich it wurk dat fan it wetter ôf dien wurde kin, giet wol troch. Foar de omwenners hat dat net in soad gefolgen, allinnich de boatsjes yn in stikje dearinnend wetter njonken it spoar lizze tydlik op in oar plak.