Plysje siket fertochte fan wenningoerfal yn Warkum

09 maaie 2019 - 11:36

De plysje siket yn Warkum nei in man dy't fertocht wurdt fan stellerij en bedriging yn in wenning. Der is in Burgernet-oprop útgien foar in man fan 1 meter 80 lang, mei in swart wynjack, grize sjaal en swarte bivakmûtse.

Plysje siket man yn Warkum

De plysje hat buertûndersyk dien yn de Schoolstraat yn Warkum. Minsken dy't wat fertochts sjogge, kinne 112 belje.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
Trefwurden: 
plysje Warkum wenningoerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)