Nordwin College ûndersiket fúzje mei Gelderske ûnderwiisynstelling

It Nordwin College wol fusearje mei de Gelderske ûnderwiisynstelling Aeres. Beide skoallen hawwe dêr woansdei in yntinsjeferklearring foar tekene. Yn de maitiid fan 2020 soene de skoallen ûnder ien Kolleezje fan Bestjoer en ien Rie fan Tafersjoch komme kinne.
Nordwin College © Omrop Fryslân
It Nordwin College hat yn Fryslân ûnderwiislokaasjes yn fjouwer plakken: Ljouwert, Snits, it Hearrenfean en Bûtenpost. It fersoarget neist trainingen en kursussen opliedings yn it tariedend middelber beropsûnderwiis (tmbû) en middelber beropsûnderwiis (mbû).
Ek kennis- en ûnderwiisynstelling Aeres biedt sawol tmbû- as mbû-ûnderwiis oan, yn totaal op 15 plakken yn Gelderlân, Flevolân en Utert. De Gelderske skoalle hat dêrnjonken ek noch opliedingen foar it hbû en masterprogramma's. De skoallen tinke mei in fúzje better ûnderwiis biede te kinnen, mei mear ynnovaasje op it mêd fan grien.

Ferkenning

Der sil no earst in ferkenning fan in mooglike fúzje dien wurde. As dit goed útpakt, dan soe in werklike fúzje yn de maitiid fan 2020 plakfine kinne. It Nordwin College hat sa'n 3.300 learlingen, Aeres sit op in totaal fan 12.000.