CNV presintearret aksjeplan jeugdsoarch yn Ljouwert

09 maaie 2019 - 11:10

It fakbûn CNV hat tongersdeitemoarn op in gearkomste yn Ljouwert syn aksjeplan foar de jeugdsoarch foarlein oan de Fryske leden. Der binne grutte tekoarten yn de jeugdsoarch. Meastentiids wurdt der sjoen nei de gefolgen foar de gemeenten en foar de kliïnten, mar ek it personiel hat der mei te krijen.

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

"Er is sprake van een enorme werkdruk, veel mensen die weggaan en dat heeft uiteindelijk ook weer invloed op de behandeling en begeleiding van jongeren", seit Oscar Overbeek fan it CNV. Yn it aksjeplan skriuwt it fakbûn dat de 450 miljoen euro dy't besunige is op de jeugdsoarch werom moat. Se wolle yn alle gefallen sa'n 300 miljoen euro foar de sektor en dêrneist 200 miljoen om yn de arbeidsmerk te ynvestearjen. Overbeek: "Zodat we voor onze medewerkers en uiteindelijk voor de jongeren weer goede dingen kunnen doen."

De aksjes binne rjochte op de lanlike polityk, mar ek op gemeentlik nivo. "We vragen aan gemeenten om voor de toekomst gewone, normale en faire tarieven te betalen voor het best wel ingewikkelde, maar belangrijke werk van jeugdzorgwerkers", seit Overbeek.

Gearwurking mei wurkjouwers

Neffens it fakbûn binne cao-ûnderhannelingen yn it ferline stikken rûn, omdat de wurkjouwers gjin finansjele middels hiene om in cao ôf te praten. It fakbûn sil dêrom no yn gearwurking mei de wurkjouwers aksjefiere. Neffens Overbeek is dat unyk yn Nederlân.

Ek op oare plakken yn Nederlân is it aksjeplan al oan leden foarlein. De reaksjes binne allinnich mar posityf, seit Overbeek. "Onze leden staan te springen om wat te doen. Ze staan klaar om van zich te laten horen dat het zo echt niet langer kan. En niet alleen voor henzelf, maar ook voor de jongeren."

Oscar Overbeek fan it CNV

(Advertinsje)
(Advertinsje)