Fertutearze binnentún Hendrick Nanneshof yn Boalsert opknapt

Yn Boalsert wurdt tongersdeitemiddei de opnij ynrjochte binnentún fan it Hendrick Nanneshof iepene. De tún leit by it pân mei deselde namme oan de Tsjerkestrjitte. Ea wie dit in earmhûs en hjoed-de-dei is it in monumintaal gebou. Dochs lei de tún der in hiel skoft net moai by.
It Hendrik Nanneshof yn Boalsert © Google Street View
Ferskate partijen hawwe meiwurke oan de tún: gemeente Súdwest-Fryslân, wenningkorporaasje Elkien, de Hendrick Nannes en Catrijn Epes-stichting en de bewenners fan it hofke. Benammen om dizze gearwurking is foarsitter Wouter Jellesma fan de stichting grutsk.

Fertutearze tún

De binnentún wie yn de rin fan de jierren fertutearze. Neffens Jellesma binne der nei de earmen studinten fan de suvelskoalle en dêrnei jongerein yn de gebouwen rûn it hofke kaam. De grûn fan de tún is fan de gemeente en de wenten wurde ferhierd troch Elkien, sa kaam it dat der eins net ien partij wie dy't har om de ynrjochting fan de tún bekommere.
Op inisjatyf fan de stichting is der in túnarsjitekt oanlutsen, nei acht jier is it projekt no klear en is der in feestlike iepening. De stichting is neamd nei Hendrik Nannes en Catrijn Epes, de stichters fan it earmhûs yn 1522.
Foarsitter Wouter Jellesma fan de Hendrick Nannes en Catrijn Epes-stichting