Hoe't Fryske lachgasballonnen 'booming' waarden

09 maaie 2019 - 10:00

It is gouden hannel: de ferkeap fan gniisgas. Tsien moannen lyn stapten Wytse Rosier en Leevie Keyzer mei harren bedriuw De Ballonnenboer yn dit gat yn 'e merk. Yntusken leveret it bedriuw oan tsientallen hoarekabedriuwen en konsuminten yn Noard-Nederlân.

De Ballonnenboer leveret by eveneminten, feesten en oan ferskate hoarekasaken. Kroegen of diskoteken krije in grutte tank en dêrút kinne ballonnen folle wurde. It gas dat sy ferkeapje komt oarspronklik út Turkije. Dêr wurdt it ynkocht troch in tuskenbedriuw.

It giet om 'medisinaal lachgas' dat gewoanwei levere wurdt oan sikehûzen yn Turkije. De beide manlju fan de Ballonnenboer binne nei de bûtenwrâld iepen oer harren wurkwize, sizze se. Om sjen te litten dat se gniisgas leverje dat gjin kwea kin, litte Wytse en Leevie sertifikaten en mjitwearden sjen fan it lachgas.

Foarljochting fynt de Ballonnenboer wichtich. Dêrom hawwe se oanbean om by skoallen del te gean. "Ook geven wij de consument, alsmede onze klanten, handvaten. Hierbij kan gedacht worden aan het zittend consumeren van ballonnen, elke consument 18+ en niet meer dan tien ballonnen per dag."

Ballon mei gniisgas wurdt ferkocht yn kafee Mango - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Sûnt 1 july 2016 falt lachgas net mear ûnder de Genêsmiddelenwet, mar ûnder de Warenwet. Dat betsjut dat it ferhannele wurde mei oan de konsumint en dat it net dúdlik is hoe't dêrop hânhavene wurde moat.

Misferstân oer soarten lachgas

Dochs binne der lêste tiid mear soargen oer de negative oandacht foar lachgas. Dat komt neffens de Ballonnenboer om't der in misferstân bestiet oer de soarten lachgas. Der is in sertifisearre fariant foar it brûken yn it sikehûs is en in hoareka-fariant foar yn slachrjemme-spuitbussen.

Yn sa'n slachrjemmespuitbus sit in soart gniisgas dy't net goed is foar minsken. Neffens Leevie Keyzer fan de Ballonneboer hat dat te krijen mei it izer dat yn it gas sit. Dat moat eins foar druk soargje foar it spuitsjen mei de slachrjemmespuiten.

Famke nimt gniisgas yn kafee Mango - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Keyzer: "De duur van de hype kan wat ons betreft niet lang genoeg duren, mits er gehouden wordt aan bepaalde regels en er toezicht wordt gehouden zoals in horecazaken. Koninklijke Horeca Nederland staat ook achter het consumeren van medicinaal lachgas in horecagelegenheden. Dat komt de omzet ten goede en zal de horeca in Nederland een financiële boost blijven geven."

De Koninklijke Horeca Nederland (KHN) seit lykwols wat oars op harren webside: "Hoewel de verkoop van lachgasballonnen in principe is toegestaan vindt KHN het onwenselijk wanneer lachgaspatronen en lachgasballonnen in de horeca worden verkocht."

(Advertinsje)
(Advertinsje)