Eigen plak foar Grouster jongerein

10 nov 2011 - 12:54
Grou - Foto: Omrop Fryslân

Jongerein yn Grou krijt in eigen moetingsplak. Sawat fjirtich jonge minsken hawwe gjin eigen plak. Se hingje bûtendoar om en dat soarget betiden foar oerlêst. Grouster Alberto Kinderman hat no de kantine fan syn thússoarchbedriuw beskiker steld.

Dêr kinne de jeugd inoar treffe, mar ek prate oer problemen.It idee is om de jongeren yn ruil foar it eigen plak wolwêzenwurk dwaan te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)