Kollum: "Toersweltsjes"

"Binnen sechstich dagen moatte ekonomysk grutte lannen Iran beskermje tsjin de Amerikaanske sanksjes, oars ferheget Iran de produksje fan ferrike uranium. Dêrmei lûkt Iran him diels werom út it atoomakkoart fan 2015; it akkoart dêr't Amearika him in jier lyn al út weromluts. It wie in deal wêrmei't normale hannel en omgong mei Iran mooglik waard, op de betingst dat Iran 'beperkingen aanvaard op nucleaire activiteiten' en kontrôles fan it Internationaal Atoomenergieagentschap tastiet. Oer sechstich dagen kin it allegearre foarby wêze.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
In freon fan my hat wolris sein, as it antwurd op 'e fraach nei hokker tiid hy weromreizgje wolle soe: de perioade tusken it útfinen fan antibioatika, en de nukleêre bom. Ik ha it doe foar him opsocht; penisilline waard yn 1928 ûntdutsen, en De Bom wie der yn 1945, dus dat is in perioade fan 17 jier. Wêrfan't de lêste fiif net echt om oer nei hûs te skriuwen wiene, dus dan bliuwe der noch tolve hearlike jierren oer.
Ik lês no in boek oer de homoscene yn New York út 1978; krekt yn de perioade fallend tusken 1972, de start fan de homorjochtebeweging, en 1984, de ûntdekking fan it HIV-firus. Tolve hearlike jierren wêryn't, tsjûge dat boek, der in alderferskuorrend soad sekst waard op manieren dy't we no ûnfoarstelber en ûnferantwurde fine.
Noch sa'n perioade: tusken 1989 en 2001, tolve jier fan relative rêst tusken it fallen fan it Izeren Gerdyn en de oanslach op de Twin Towers yn New York. Dy freon is ek in enoarme fan fan dy jierren '90, in perioade dy't ik my foaral heuch as ien fan Pennierekeningen, terreurgroepen en oeral smokende minsken.
Ik ha sels net it idee dat we no yn sa'n perioade sitte. Der is in goeie trochbraak nedich om sa'n perioade yn te setten; wat dat de wrâld feroaret, dat de skiednisboeken yngiet. Soks soe no bygelyks it útfinen fan in medisyn foar HIV wêze. Of in oplossing foar it Israelysk-Palestynsk konflikt. Of in technyske trochbraak, sa as in skjinne kearnfúzje-enerzjysintrale. Of Iran, dat seit: jonges, we ha der nochris oer neitocht en ús ambysje om in kearnmacht te wêzen, wie gewoan in bytsje crazy, we hâlde der mei op; kom fakânsje fiere yn Teheran, echt hielendal te gek, yo.
Of Trump. Dat er takom jier net opnij keazen wurdt, en dus ek net ôfset hoecht te wurden. Gewoan 'optyft'. Einliks dat al dy wite, âlde, narsistyske en 'ûnfergelykte' presidinte-mantsjes 'optife'. Rohani. Netanyahu. Trump. Bolsonaro. Maduro. Putin. Assad. Erdogan. Allegearre rom oer de fyftich, measten tsjin of oer de santich jier âld. Dit binne net typen dy't perioaden fan tolve jier fan relative rêst wolle - se ha gjin tolve jier mear. Se wurde leaver bolderjend nei it hjirneimels sketten as dat se wat ynsjitte moatte op harren eigen ego; of oer harren eigen skaad hinne stappe wolle, foar wat moaiers, grutters en goede wil foar de wrâld.
De jierren '90 wiene de jierren dat ik kennis makke mei de wrâld. Ik learde wat in kearnbom is, wat broeikasgassen binne, en wat AIDS is. It wiene ek de jierren wêryn't ik foar it earst mei ien tute, wêryn't ik op myn rêch yn 'e Fryske greide lei en lústere nei it lûd fan de ljippen, skriezen en de boeresweltsjes. De lêste twa steane no op in 'rode lijst' fan bedrige fûgels fan de fûgelbeskerming; de ljip stiet op 'e nominaasje om derop te kommen.
Ik wenje net mear tusken de greiden. Ik hoopje mar dat se it rêde, dy skriezen en de boeresweltsjes. Ik wenje no tusken de toersweltsjes, dy't der al rom in wike lyn wêze moatte hiene, mar dy't ik noch altyd net heard ha. Ik meitsje my soargen. Mar mochten Amearika en Iran inoar oer sechstich dagen opblaze, dan hinget der no oan myn hûs in bewiis fan myn goeie wil foar de wrâld: ik ha in nêstkastke boud foar toersweltsjes."