Jaap Kingma oer Ajax-Tottenham: "Der floeiden triennen en it wie sa soer"

09 maaie 2019 - 07:59

It wie in enervearjende wedstriid, de heale finale yn de Champions League woansdeitejûn tusken Ajax en Tottenham Hotspur. Jaap Kingma, Ajax-fan en makeler yn Burgum, wie derby yn de Johan Cruijf Arena en wie ferbjustere dat de winst yn de alderlêste sekonden mei 3-2 nei de Ingelsen gie.

Foto: ANP

It like der lang op dat de Amsterdammers de finale helje soene. Yn it earste duel yn Londen waard it 1-0 foar Ajax en by de return yn Amsterdam stiene se by skoft op in 2-0 foarsprong. De Spurs hiene doe trije goals yn ien helte nedich om te winnen. Twa goals foelen fuort nei it skoft, mar de tredde like út te bliuwen. Oant de lêste tellen doe't Lucas Moura syn tredde goal fan de wedstriid skoarde en in ein makke oan de dream foar Ajax.

Triennen

"Gewoan ûnbegryplik, ûnbegryplik!", seit Kingma. "Je binne sa ticht by de finish en dan falt er deryn... dan binne je speechless." Net allinnich Kingma wist net mear wat te sizzen, it hiele stadion wie der stil fan. "Der floeiden triennen en it wie gewoan sa soer. Bist natuerlik grutsk op it team dat se it sa fier helje. Stiest der sa goed foar en tinkst 'it kin net misgean', mar dat tocht Barcelona de dei derfoar ek."

De Spanjerts wûnen thús mei 3-0 fan Liverpool, mar gienen yn de return ûnderút mei 4-0. "Sa gek is fuotbal. Sa moai is fuotbal dan ek wer, dat is de oare kant. It jout in stik spanning mei him mei en as it dan sa útpakt... It is ûnbegryplik en jammer foar Ajax, mar se ha it gewoan hiel goed dien. Kinst se net folle ferwite, want se ha der foar fochten en by fleagen briljant fuotbal sjen litten. En dan falt it gelok krekt oan de oare kant."

Mentale dreun

Kingma hâldt syn hert fêst foar de rest fan de kompetysje. Ajax moat noch twa wedstriden, tsjin FC Utrecht en De Graafschap, en de Amsterdammers wolle it seizoen ôfslute mei de lânstitel. "Hoe binne se mentaal? Krije se hjir no sa'n mentale dreun fan dat se daliks punten ferspylje? Dat witte je net."

Ajax-fan Jaap Kingma oer de wedstriid tsjin Tottenham Hotspur

(advertinsje)