Bêste bêd en brochje fan Nederlân stiet yn De Fochtel

09 maaie 2019 - 06:35

Buitengoed Op de Knolle yn De Fochtel is woansdei útroppen ta bêste bêd en brochje fan Nederlân. Neffens de sjuery blinkt it bedriuw út troch de fasiliteiten en de hege wurdearring fan de besikers. Dy wurdearje it bêd en brochje gemiddeld mei in 9,9.

Op de Knolle behelle dêrom de topskoare fan 5 tulpen fan de Nederlânske Bed & Breakfast Classificatie. Binnen dit systeem wurde de oernachtingsgelegenheden wurdearre mei 1 oant en mei 5 tulpen. It motorskip Elisabeth yn Ljouwert waard tredde yn de kategory fan 1 tulp.

De dielnimmende akkommodaasjes waarden beoardiele troch in mystery guest. Yn hiel Nederlân binne der binne sa'n 500 B&B's klassifisearre.

(advertinsje)