Grutte opkomst by IepenPUB Quiz oer Game of Thrones

Mar leafst 32 fan de 34 fragen hie team 'I demand trivia by combat' goed by de IepenPUB Quiz oer de fantasysearje Game of Thrones dy't woansdeitejûn yn Neushoorn hâlden waard. By dizze spesjale útstjoering fan IepenUP Live foel in Game of Throne-reis foar fjouwer persoanen nei Ierlân te winnen.
Team 'I demand trivia by combat' wie út de skroeven mei de priis. Einst foel de winst folslein ta te skriuwen oan twillingsuskes Inge en Nynke Bouma: 'Wy besteegje der echt fierstente folle tiid oan. Sûnt febrewaris haw ik wol tweintich oeren yn 'e wike mei Game of Thrones dwaande west', seit Inge.
Op har earm falt ûnder it t-shirt wei noch krekt in tatoeaazje te sjen: 'Not today', in ferneamde útspraak fan in Game of Thrones-personaazje. De oare twa leden fan it winnende team wiene harren freonen Alwin Scholten en Alex van Aalst. Neffens de froulju meie dy 'miskien ek mei nei Ierlân.'
De winners fan de iepenPUB Quiz © Omrop Fryslân
Oan de pubquiz, dy't spesjaal fanwege de grutte opkomst yn de grutte seal fan Neushoorn wie, diene 39 teams mei. Guon fragen wiene tige dreech en oaren wer goed te dwaan, neffens it publyk. Sjoernalist en Game of Thrones-leafhawwer Asing Walthaus wie tegearre mei syn hûntsje de sjuery.
De útslach waard bekend makke yn it skoft fan de Champions League-heale finale Ajax-Tottenham. Dêrfoar en dêrnei waard de fuotbalwedstriid fertoand yn de grutte saal.