Eksamens begjinne, learlingen kinne eardopkes en wetter útrikt krije

09 maaie 2019 - 06:00

In stressfolle dei is it tongersdei foar mear as 200.000 learlingen fan it vmbo, havo, ateneum en it gymnasium, want de eksamens sette útein. Nei dagen fan learen moatte de learlingen no sjen litte wat se kinne. Op skoallemienkip Comenius, lokaasje Mariënburg, yn Ljouwert begjint foar 198 havo-learlingen de eintoets, 85 learlingen dogge it eineksamen foar it atheneum.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Trije sealen stean fol mei rigen tafels en stuollen. Yn elke seal is plak foar 75 oant 100 learlingen. Oan it begjin stiet wetter klear en as in learling lêst hat fan it leven, lizze der eardopkes klear. In nije 'service', fertelt eksamensekretaris Rianne de Vries.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Mobile telefoans, horloazjes en smartwatches binne ferbean en wurdboeken wurde yn it foar kontrolearre. De tafels stean safier útinoar dat ôfsjen sa goed as ûnmooglik is. De Vries hopet dat de eksamenkandidaten harren net te drok meitsje: "Maak af en toe even een wandeling buiten. Gewoon even je hoofd leegmaken en vertrouw erop dat je de kennis hebt."

De lanlike eksamens sette tongersdei om njoggen oere moarns útein mei it filosofy-eksamen foar havo.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn Mariënburg en praat mei eksamensekretaris Rianne de Vries

Trefwurden: 
eksamens Mariënburg Comenius
(advertinsje)