Ankers helpe bewenners Nij Ylostins yn Drylts

De bruorren Anker komme yn aksje foar de bewenners fan Nij Ylostins. De advokaten binne benadere troch Joke Schilling, ien fan de aksjefierders. Se hat frege om stipe en oft de Ankers meitinke wolle oer oplossings.
© Omrop Fryslân, René Koster
Wim en Hans Anker hawwe dit bepraat en fûnen it in goede saak om harren namme oan de saak-Nij Ylostins oan te ferbinen. Se dogge dat op persoanlike titel en dus net as advokaat. De Ankers fine dat de kwetsbere en faak âldere minsken holpen wurde moatte.
De bewenners fan Nij Ylostins moatte ferhúzje omdat ferhierder Elkien it gebou slope wol, omdat it neffens de wenningkorporaasje ferâldere is. De Dryltsers binne it dêr net mei iens. Hûnderten stedsbewenners kamen tiisdei yn aksje tsjin de sloop.
Dit rekket ús. We fine it in skrinende situaasje, omdat it in kwetsbere groep is dy't hechte is oan harren wenomjouwing. Dat begripe wy.
Wim Anker
Neffens Wim Anker is de kommunikaasje troch de organisaasjes Elkien en Patyna net hielendal goed ferrûn. Se hoopje dat ekstra publisiteit helpt om de saak op te lossen. De Ankers hoopje ek dat der oerlein wurdt en se wolle sels ek wol oanskowe om mei te praten. Se stelle ek jild beskikber foar it oanlûken fan in advokaat. Sels kinne se dit net dwaan omdat harren advokateburo op kriminele saken rjochte is.
Wol hat Anker harren it advys jûn om as ien front op te treden en de groep net tsjininoar útspylje te litten.