Hans de Jong nije haadtrainer Harkemase Boys

08 maaie 2019 - 19:22

Hans de Jong is mei yngong fan takom seizoen de haadtrainer fan Harkemase Boys. De Harkiten wiene op syk nei in nije trainer, nei't Tieme Klompe ferline wike opstapte. De Jong tekenet foar ien seizoen op 'e Harkema.

Foto: Orange Pictures

De Jong is der wiis mei: "It is hiel simpel: moaie klup, moaie kâns, moaie útdaging, trije kear moai dus", seit er op de webside fan de klup. "De belibbing is grut by de supporters en de belibbing fan it fuotbal is der by my ek", fertelt De Jong. "Dêr kin ik wol in boek oer skriuwe, mar dat moat mar net, want dan wurde der minsken lilk."

Underfining yn prof- en amateurfuotbal

De nije trainer fan Harkemase Boys hat ûnderfining yn it prof- en amateurfuotbal. Sa wie er trainer yn de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean en haad opliedingen by SC Cambuur. Dêrnjonken wie er aktyf as scout by SC Hearrenfean en FC Twente. Yn it amateurfuotbal wie De Jong trainer fan de Ljouwerter Sweltsjes en fan ACV út Assen.

Foar syn trainerskarriêre hat De Jong sels fuotballe. Earst yn de jeugd fan SC Hearrenfean, oant er blessearre rekke oan 'e knibbel. Dêrnei hat er noch spile by VV Hearrenfean.

Earst meisjen

De Jong begjint nei de simmerstop by Harkemase Boys. Oant dy tiid sil er meisjen mei Klaas Schotanus, dy't it rinnende seizoen ôfmakket. Schotanus wie al assistint fan Klompe en waard nei foaren skood nei't Klompe dermei ophold.

(advertinsje)
(advertinsje)