Keatse Daniël Iseger en Manon Scheepstra foar Huzum of foar Goutum?

08 maaie 2019 - 18:59

Yn de keatswrâld is argewaasje ûntstien oer de fraach oft Daniël Iseger en syn freondinne Manon Scheepstra keatse meie foar OG Huizum of dat sy útkomme moatte foar de keatsferiening Goutum.

Daniël Iseger - Foto: Henk Bootsma

Iseger keatste yn Weidum op 28 april foar OG Huizum. Hy stie net op de oarspronklike list, mar foel yn foar de blessearre Erik Seerden. Scheepstra wûn ôfrûne sneon foar OG Huizum de ôfdielingspartij foar froulju yn Frjentsjer.

En doe kamen de ferhalen yn keatslân. Want: Daniël Iseger en Manon Scheepstra wenje dochs yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren? En dy wyk falt wat it keatsen oanbelanget dochs ûnder Goutum en net ûnder Huzum? In protte diskusje ûntstie der op de fjilden. Wat spilet der allegear om dizze twa keatsers hinne en om de kwestje fan de gebietsyndieling fan de KNKB?

Iseger hat syn keatskarriêre ûndertusken al beëinige. Mar sa as yn in protte gefallen docht de feriening noch wol in berop op dizze eardere topkeatser as it giet om ôfdielingspartijen. En sa kaam Iseger yn Weidum yn aksje as ferfanger fan Erik Seerden. Dat feit ûntgie de KNKB net. By skiedsrjochter Murk de Jong waard noch efkes neifrege oft Iseger echt oan de wedstriid dielnaam hie en De Jong koe dat befêstigje.

Ferhuze

De KNKB seach dêrnei nei de regleminten en kaam ta de konklúzje dat Iseger net foar OG Huizum útkomme mocht, omdat hy ûndertusken ferhuze wie nei de wyk Suderbuorren yn Ljouwert. En dy wyk falt, sa sizze de keatsregleminten, ûnder Goutum. En dus die de KNKB oanjefte fan dizze oertrêding by de strafkommisje fan de it keatsbûn.

Direkteur Marco Hoekstra fan de KNKB is, lykas alle belutsenen yn dizze saak, bepaald net skoatich mei it beantwurdzjen fan fragen. "Ik wol net foar myn beurt prate", sa seit hy. Mar ek: "Wy hawwe rom foar de partij yn Weidum in adreswiziging krigen fan Daniël Iseger. Hy liet ús witte dat hy ferhuze wie nei de wyk Suderbuorren en dus falt hy no ûnder de ôfdieling Goutum. Wy hawwe dit oanjûn by de strafkommisje en dy moat no útspraak dwaan".

Oer Manon Scheepstra is de bûnsdirekteur noch foarsichtiger. "De status by Manon is, dat wy har frege hawwe wêr't sy wennet. Wy wachtsje op it antwurd".

Juridyske help

Hoekstra befêstiget ek dat de keatsferiening OG Huizum juridyske help ynroppen hat en dat der by de KNKB in brief leit fan in advokaat. Wa't dy advokaat is en wat der yn dy brief stiet, dêr wol Hoekstra neat oer sizze.

Mei Daniël Iseger komt lang om let telefoanysk kontakt. Ek hy wol net tefolle kwyt oer de situaasje. "Ik kin net in protte sizze. It is in delikate kwestje. Ja, ik wenje yn Suderbuorren. Manon ek? Niks is zeker." Iseger fynt dat hy, nettsjinsteande it feit dat hy yn Suderbuorren wennet, wol keatse mei foar OG Huizum. "Suderbuorren leit yn Ljouwert. En Ljouwert is as it om keatsen giet, opdield yn twa parten. It iene part is foar LKC Sonnenborgh, it oare part foar OG Huizum. Fierders kin ik, mei ik, neat size. It leit no by de KNKB".

Manon Scheepstra - Foto: Henk Bootsma

Manon Scheepstra lit witte dat sy de kwestje hiel ferfelend fynt: "Ik wil er niet te veel over kwijt. Ik vind het jammer dat het onderwerp van gesprek is. Ik woon in Leeuwarden en ik mag voor Huizum kaatsen. Daar zijn wij van overtuigd. Als je meer wilt weten dan moet je het bondsbureau bellen. Ik wil me focussen op het kaatsen. Dit is zonde van de tijd". Scheepstra seit dat sy yndied in mail fan de KNKB krigen hat mei de fraach wêr't sy wennet. "Ik heb die mail nog niet beantwoord."

Saakje Lettinga is lid fan de strafkommisje. Ek sy jout oan net ynhâldlik reagearje te wollen, mar wol wol wat kwyt oer de saak. "De KNKB hat de kwestje fan Daniël Iseger oankaart by de strafkommisje. Yn it keatsreglemint stiet dat it wenplak fan in keatser bepalend is. Mar yn it gefal fan Ljouwert binne der neiere bepalingen opnaam yn in bylage. En dêryn stiet dat Himpens (postkoade 9086), Teerns (9085), Techum (8941) en Suderbuorren (8939) taheakke binne oan it poskoadegebiet fan Goutum (9084)."

Keatsferiening OG Huizum lit fia Monica Dijkstra, frou fan foarsitter Johannes, yn in koarte reaksje witte: "Yn it belang fan dizze kwestje en yn it belang fan it ûndersyk hawwe wy it beslút naam hjir gjin útspraken oer te dwaan. Do kinst wol mear fragen stelle, mar dat hat gjin sin."

Keatse yn eigen postkoadegebiet

Albert Walsweer is foarsitter fan de keatsferiening Goutum. Hy wie noch net op 'e hichte fan de kwestje Daniël Iseger en as hy heart wat der spilet, seit hy: "Ik bin graach transparant, mar no wurd ik wat foarsichtiger. Der spilet nammentlik al in skoftsje wat oer dy gebietsyndieling." Dochs giet Walsweer yn op de problematyk dy't der spilet.

"Sjoch, de haadregel is dat je keatse foar de feriening yn jo postkoadegebiet. Mar wy hjitte keatsferiening Goutum en omstreken. Wy hienen ek keatsers út de omkriten. Mar dy nije wenwiken binne mear Ljouwert wurden as eartiids it gefal wie. OG Huizum wol no dat alle 8900 postkoades hearre by Huzum. Wy wolle bynammen de gearwurking sykje, dus ik bin wol wat ferbjustere dat Huizum dizze kwestje no sa oankaart. Wy wolle graach gearwurkje mei LKC en OG."

"Deastek foar Goutum"

Walsweer ferfolget: "As it troch giet wat Huizum wol, dan betsjut dat de deastek foar Goutum. Dêrom sykje wy de oplossing yn gearwurkjen en oerlis. Mar op dizze manier wurdt Goutum in feriening foar ledekeatsers. Wat Huizum wol hat te folle konsekwinsjes foar Goutum en dat fynt de KNKB ek."

De kwestje fan de gebietsyndieling is al ûnderwerp fan petear. Goutum, OG Huizum en LKC Sonnenborgh hawwe hjiroer al ien mienskiplik oerlis hân mei de KNKB. Walsweer: "Yn dat earste petear hawwe wy ús stânpunt jûn. Nochris: Wy wolle goed gearwurkje. En dat dogge wy ek. Der binne sûnt koart al jeugdleden fan ús dy't meitraine by LKC en OG. Mar dit leit hiel gefoelich."

De kwestje Daniël Iseger (en mooglik letter Manon Scheepstra) makket ûnderdiel út fan in bredere diskusje oer de gebietsyndieling fan de KNKB. Ynkoarten stiet der in twadde oerlis tusken KNKB, LKC, OG en Goutum op it programma. De strafkommisje sil de saak tsjin Iseger op tiisdei 14 maaie behannelje. De KNKB wachtet noch altyd op antwurd fan Manon Scheepstra.

Geert van Tuinen oer de argewaasje yn de keatswrâld

(advertinsje)
(advertinsje)