Cambuur-keeper Mous hat betrouwen yn âld-ploechgenoaten Ajax

De keeper fan SC Cambuur, Xavier Mous, sil de heale finale fan de Champions League mei in soad ynteresse folgje. Ajax spilet woansdeitejûn tsjin Tottenham Hotspur en Mous spile mear as tsien jier yn de jeugd fan de Amsterdammers. Hy genietet fan it spul fan guon fan syn âld-ploechgenoaten.
© Omrop Fryslân
Mear as tsien jier spile de Haarlemse doelman by Ajax. Tusken syn tsiende en syn 21ste wie er aktyf yn it read-wyt fan Ajax. Trije seizoenen lyn kaam dêr in ein oan, doe't er nei TOP Oss ta gie. Hy spile yn de jeugd by de Amsterdammers mei meardere spilers dy't no diel útmeitsje fan it earste. "Met Donny van der Beek en André Onana. In mijn laatste jaar heb ik ook regelmatig met het eerste getraind, dus toen trainde ik met jongens als Lasse Schöne en Joël Veltman."
Ze spelen zulk ontiegelijk goed voetbal.
Cambuur-keeper Xavier Mous oer Ajax
Mous is ûnder de yndruk fan it spul fan Ajax. "Ze spelen zulk ontiegelijk goed voetbal. Wat ze al jaren willen, komt er nu helemaal uit. Daar kun je alleen maar van genieten. Als je de buitenlandse pers ook leest, iedereen is helemaal enthousiast en zit te watertanden op het moment dat Ajax gaat voetballen."
De keeper fan Cambuur tinkt dat Ajax de 1-0 foarsprong behâlde kin en troch giet nei de Champions League-finale. "Misschien kijk ik door een gekleurde bril, maar daar ga ik wel vanuit. Het is in eigen huis en gezien de vorige wedstrijden heb ik heel veel goeie moed."
Sels sjocht Mous de wedstriid woansdei mei syn ploechgenoat by Cambuur, Nino van den Beemt. "Ik ben nog steeds wel Ajacied. Ik gun het ze van harte en sta zeker te juichen als ze scoren!"
Xavier Mous oer Ajax-Tottenham Hotspur