Ferd Crone wol konvenant mei ûndernimmers oer lachgas

08 maaie 2019 - 18:30

Boargemaster Ferd Crone wol in konvenant mei ûndernimmers dy't lachgas ferkeapje. Dat seit er yn reaksje op de berjochtjouwing fan Omrop Fryslân oer it gas. Crone fynt it wichtich dat hoareka-ûndernimmers dy't lachgas ferkeapje en tastien harren ferantwurdlikheid nimme. "Een goede optie zou zijn om samen afspraken te maken over verkoop, voorlichting en over gebruik van lachgas. Die afspraken moeten we dan vast leggen in een convenant," seit Crone.

Gebietsferbod

De boargemaster oerwaget sels om in saneamd 'gebietsferbod' foar lachgas yn te stellen yn Ljouwert. "We onderzoeken of de verkoop van lachgas reden kan zijn om een gebiedsverbod op te leggen. Dit zou dan moeten worden vastgelegd in de Algemene Plaatselijke Verordening." Dat is lykwols net samar regele, leit Crone út: "Dit vergt echter een goede voorbereiding en een goed overzicht van de incidenten van de afgelopen maanden is hierbij noodzakelijk."

By it Befrijingsfestival yn Ljouwert waarden minsken fûiljearre op lachgas - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gjin lachgas op Befrijingsfestival

De plysje hat op it Befrijingsfestival gjin lachgas oantroffen by besikers. Dat seit de koördinator fan it hoarekateam Ljouwert, Hugo Roossink. Yn it foar wienen kontrôles oankundige. De gemeente Ljouwert hie lachgas op it Befrijingsfestival ferbean. "Daar is door handhavingsteams en door de politie op gecontroleerd, maar er is geen lachgas aangetroffen."

Hugo Roossink fan de plysje Ljouwert - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Fryske gemeenten ferdield

Hieltyd mear jongeren brûke gniisgas en dat fernimme de Fryske gemeenten. Ut in omfraach fan Omrop Fryslân by de gemeenten docht bliken dat se harren soargen meitsje, mar it (noch) net ferbiede.

Acht fan de achttjin gemeenten hawwe oanjûn harren gjin soargen te meitsjen oer it brûken dêrfan. Sy foarmje dizze miening op basis fan ynstânsjes. "Met de kennis die wij nu hebben, is er geen directe aanleiding tot zorg," sa lit Eaststellingwerf yn in skriftlike reaksje witte. "We vertrouwen erop dat de organisaties zoals GGD en VNN ons informeren, mocht dat anders blijken te zijn."

Soargen âlden

In pear gemeenten hawwe reaksjes krigen fan âlden dy't harren soargen meitsje. "Er hebben zich enkele bezorgde ouders gemeld bij de gemeente," sa ljochtet Waadhoeke ta. "De langetermijneffecten van gebruik van lachgas zijn niet bekend. Het is dus niet duidelijk of het gebruik voor de lange termijn risicovol is."

Ut de omfraach docht fierder bliken dat yn ien gemeente in gefal wie dêr't it brûken fan gniisgas ta medyske problemen laat hat. Dat wie op It Hearrenfean: "Ons is één geval bekend, waarbij een jongere lachgas gebruikt had en de hulpdiensten eerste hulp moesten verlenen."

In patroan foar lachgas yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Net folle bekend

Nettsjinsteande dat hieltyd mear jongeren de partygasdrug brûke, witte gemeenten noch te min fan de gefolgen om it belied dêrop ôf te stimmen. "Er is op dit moment nog onvoldoende duidelijk over de feitelijke gezondheidsrisico's van het gebruik van lachgas," sa stelt gemeente Hearrenfean.

Ek yn de gemeente Súdwest-Fryslân folget de polityk de ûntwikkelingen. "Maar de gezondheidsrisico's op lange termijn zijn voor nu nog onvoldoende bekend."

Trefwurden: 
Ferd Crone lachgas
(Advertinsje)
(Advertinsje)