Plysje doart frou dy't ferslave is oan GHB net op te sluten
De plysje yn Drachten doarde it earder dit jier net oan in fertochte fan stellerij by in tal winkels fêst te setten. De frou gie mei in famke op rôftocht en de plysje koe beide fertochten oanhâlde.
De haadfertochte wie lykwols sa bot GHB-ferslave dat de plysje har net opslute woe. De frou moast nammentlik alle oeren in slokje fan de partydrug hawwe. Se is woansdei feroardiele ta 40 oeren wurkstraf. Se wie net yn de rjochtbank by de útspraak.
It famke krige foar de bernerjochter 30 oeren wurkstraf oplein.