It ferhaal fan de Van Haersma's en harren erfenis

08 maaie 2019 - 17:55

De ynteresse foar âlde Fryske adel en harren tinktekens nimt ta. Yn totaal 283 rou- of memorybuorden yn Fryslân hawwe de Frânske tiid oerlibbe. Faak noch orizjineel en net oerskildere, lykas yn oare parten fan ús lân. Haersma's, Heeringa's, Sminia's of Van Coehoorns stean dêrop mei famyljewapens. Yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed is in nije rige te sjen oer bysûndere roubuorden en tinktekens yn Fryske tsjerken.

De earste ôflevering is yn de Agathatsjerke yn Aldegea. Dy tsjerke is ferbûn oan de aadlike famylje de Van Haersma's. De manlike line fan de famylje hâlde op yn 1839 mei de dea fan grytman Hector Livius van Haersma. Wol binne der út de froulike line neikommelingen lykas Sybrand Van Haersma Buma en Van Haersma de With. Guon dêrfan hawwe der mei foar soarge dat dit kultuerhistoarysk erfgoed behâlden bleaun is.

Trefwurden: 
Aldegea roubuorden rige adel
(advertinsje)
(advertinsje)