Ajax-fan Paulien: "Ajax geeft mij lichtpuntjes in mijn leven"

08 maaie 2019 - 17:37

Paulien Vogelzang is 36 jier, wennet yn Ljouwert, mar foaral fanatyk Ajax-supporter. Se gie nei Madrid, Londen en giet faak nei de Johan Cruijff Arena. Op himsels noch neat bysûnders, mar wol as jo witte dat se in enerzjystofwiksingssykte hat. In slopende sykte, dêr't se nei besite oan bygelyks Londen in wike fan bykomme moat. Boppedat is de libbensferwachting net heger as fjirtich jier. "Maar dit moet geen huilverhaal worden hoor."

It is middeis healwei ienen as we ôfpraat hawwe. "Liever niet vroeger, want ik moet wel even op gang komen," seit se as we in dei dêrfoar it tiidstip ôfsprate. "Ik dacht gisteren dat ik er wel weer was, maar, maar toen ik naar de sigarenboer liep (100 meter), was ik toch al weer kapot." No is it healwei ienen as de ferslachjouwer oankomt. "Nu voel ik me wel weer wat beter. Moet me natuurlijk ook even opladen voor vanavond."

Ferline wike wie Paulien noch yn Londen by de heale finale fan de Champions League tusken Tottenham Hotspur en har klupke Ajax. "Dat was echt fantastisch. We zaten in een hotel vlakbij het stadion. En het was zo ontzettend spannend. We moesten die 1-0 even over de streep trekken. Al baal ik nog steeds van die bal op de paal van Neres."

De wedstriid yn de achtste finale tsjin Real Madrid, doe't Ajax mei 4-1 wûn, wie foar Paulien lykwols noch moaier. "Dat is de mooiste wedstrijd die we ooit gezien hebben. Ik heb de wedstrijd nog wel eens teruggezien en dan kan ik het soms nog steeds niet geloven."

Enerzjystofwikselingssykte

Paulien hat de enerzjystofwikselingssykte, wêrtroch't har organen stadichoan útfalle. "Ik mis wat DNA zeg maar, waardoor ik zo'n tien procent van de energie heb, die een normaal mens heeft. Mijn levensverwachting is niet hoger dan veertig jaar. Maar ik ga voor de vijftig. Je moet net als Ajax dromen. Durven te dromen. Waarom niet?"

Dêrtroch tinkt Paulien dat se krekt efkes wat mear fan de oerwinningen fan Ajax genietsje kin as oaren. "Ik heb wel leren genieten. Ik grijp elk moment aan om er volop van te genieten. Elke keer weer als ik de Arena binnenkom, krijg ik kippenvel. Terwijl ik er toch al honderden keren geweest ben. Vooral bij de Champions League-hymne. Dat is zo mooi."

Ajax-Tottenham Hotspur

Woansdeitejûn dus de twadde wedstriid yn Amsterdam tsjin de Spurs. "Ik kan er helaas niet bij zijn. Ik heb een plaats op het invalidenplatform nodig. In principe proberen we altijd zo snel mogelijk te handelen, zodat het me wat minder energie kost. Dat is bij Ajax heel goed geregeld. Maar er zijn meer mensen die daar graag gebruik van maken, dus is er een loting. Dit keer had ik helaas pech, maar dat we al in Madrid en Londen zijn geweest, is al fantastisch."

En wat no as Ajax de finale hellet? Dan spilet Ajax wer yn Madrid de finale tsjin Liverpool. "Dan is de kans niet groot dat ik ga. Het is ontzettend duur. Eerst de finale maar halen. Dat is al zwaar genoeg."

Paulien Vogelzang is haadredakteur fan it magazine Energy4all, skriuwt foar de webside fan de stichting Energy4all en is ambassadeur foar dy stichting. Se skriuwt dêr artikelen foar en organisearret in fytstocht yn Italië om jild yn te sammeljen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Energy4all.

(advertinsje)
(advertinsje)