Learlingen CSG Liudger en OSG Piter Jelles winne Fryske Fersetsmuseumpriis

Learlingen fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert en âld-learlingen fan it CSG Liudger yn Drachten hawwe de Fryske Fersetsmuseumpriis wûn. De priis giet dit jier net nei ien winner, mar nei twa. De organisaasje koe net kieze en besleat dat beide wurkstikken in priis krije moasten.
Fersetsmuseumpriis nei learlingen fan CSG Liudger en OSG Piter Jelles
Foarsitter Gerk Koopmans fan Stichting Friesland 1940-1945 en priiswinners Daniëlle Scheepens en Lotte Benedictus
Daniëlle Scheepens en Lotte Benedictus fan it Stedelijk Gymnasium fan OSG Piter Jelles hawwe in profylwurkstik makke dat bestiet út in boek en in poster mei ferhalen oer wichtige foarfallen út de Twadde Wrâldoarloch yn Ljouwert.
De oare priiswinners, Ilona Bosgraaf, Kyrsten Doodeman en Bowien van der Veen ferdjippen har yn it Fryske ferset. It profylwurkstik is ûnderdiel fan it skoalle-eksamen. Learlingen dy't harren profylwurkstik meitsje foar it fak skiednis en dat oer de Twadde Wrâldoarloch dogge, kinne harren wurkstik ynstjoere om kâns te meitsjen op de priis.

Fryske Fersetsmuseumpriis

De Fryske Fersetsmuseumpriis wurdt alle jierren útrikt oan jongerein. De organisaasje wol jongerein dêrmei stypje wat te dwaan, om de neitins oan oarloch, ferset en ferfolging libjend te hâlden. De priis waard útrikt op de kontaktdei fan Stichting Friesland 1940-1945 yn Burgum.
De winners krije in jildpriis fan 250 euro fan Stichting Friesland en Stichting Sneek 1940-1945.
Foarsitter Gerk Koopmans fan Stichting Friesland 1940-1945 en priiswinners Ilona Bosgraaf en Kyrsten Doodeman