Eaststellingwerf wol crossbaan Prikkedaam behâlde

08 maaie 2019 - 17:19

Motorcrosssirkwy Prikkedaam yn Makkingea moat syn funksje behâlde, sa fynt in mearderheid fan de ried yn Eaststellingwerf. De organisaasje fan de crossbaan wol graach njoggen 'lawaaidagen' yn it jier: njonken trije racedagen noch seis ekstra wedstriiddagen foar motorcross en fjildsportaktiviteiten. Wat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oanbelanget, giet dat troch.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Omwenners binne lykwols benaud foar lûdsoerlêst. Se stride al jierren tsjin de crossbaan en Prikkedaam leit nei in útspraak fan de Raad van State ûnder in fergrutglês. Der moat yn koarte tiid in nij ûntwerpplan lizze foar de crossbaan. De omwenners ha oanjûn dat se de nijste plannen kritysk folgje sille.

(advertinsje)
(advertinsje)