FIDEO: Audioboeken hieltyd populêrder, Jan Schotanus jout Fryske harkboeken út

Net mear troch de bledsiden blêdzje, mar foar de lûdsprekker sitte en harkje. Hieltyd mear minsken hawwe of liene saneamde harkboeken en dêrom is it no de lanlike 'wike fan it harkboek'. Ek yn Fryslân binne hieltyd mear harkboeken. Jan Schotanus jout al tsien jier lang Fryske harkboeken út. Minsken dy't gjin Frysk lêze kinne, mar wol ferstean, hawwe no ek de mooglikheid dy boeken te hearren.
FIDEO: Frysk harkboek