HartslagNu en Hert foar Jobbegea sille tegearre AED-warskôgingssysteem ferbetterje

'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach' en de lanlike organisaasje HartslagNu hawwe woansdei ôfpraat dat se tegearre wurkje sille oan it ferbetterjen fan it AED-opropsysteem.
Trije froulju fan 'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach' foar multifunksjoniel sintrum De Kompenije © Omrop Fryslân

Hertstilstân, mar gjin helpferlieners oproppen

In pear wike lyn wie de argewaasje noch grut by de frijwilligers fan 'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach' en de lanlike organisaasje HartslagNu, dy't helpferlieners opropt yn it gefal fan in reanimaasje. 'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach' wie der min oer te sprekken dat HartslagNu wurket mei in 'warskôgingsstraal' fan 750 meter, wylst dy earder 1500 meter wie. Dêrtroch soene benammen op it plattelân ûnnedige slachtoffers falle kinne, tocht Anja de Roos fan Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach. Yn Hoarnstersweach rûnen de emoasjes heech op, neidat in pear wike lyn by in hertstilstân net ien helpferliener oproppen waard.

Profyl folslein ynfolje, oars wurket it net

"Het gaat niet om de straal. Het gaat erom dat er voldoende mensen worden opgeroepen", seit bestjoerder Aart Bosmans fan HartslagNu. Mar it systeem wurket allinnich goed as alle helpferlieners harren profyl folslein en korrekt ynfolje op de site fan HartslagNu. Sûnder folslein profyl wurdt in helpferliener net oproppen, ek net by in langere straal.
By in petear yn multyfunksjoneel sintrum De Kompenije die woansdei bliken dat ek yn Jobbegea en Hoarnstersweach in soad profilen net goed ynfolle wiene. Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach wol dêr no sa gau mooglik wurk fan meitsje. "Wy belizze sa gau mooglik in jûn foar alle BHV'ers en oare helpferlieners om dat probleem oan te pakken", seit De Roos.
Yn Jobbegea en Hoarnstersweach hinge mei-inoar al sa'n fjirtjin AED's © Omrop Fryslân

Grutter warskôgingsgebiet

HartslagNu ûndersiket de mooglikheid om yn it bûtengebiet mei in gruttere warskôgingsstraal te wurkjen as 750 meter. "In stedelijk Nederland kan 500 meter voldoende zijn. Wij onderzoeken nu met TU Twente hoe we het systeem op het platteland kunnen optimaliseren."
Langedike yn Eaststellingwerf is ien fan de plakken dy't meidocht oan de proef mei in grutter warskôgingsgebiet. "Maar de eerste stap is altijd: krijg voldoende hulpverleners en schrijf die op een goede manier in. Dat werkt in de praktijk vaak het beste."
Bestjoerder Aart Bosmans fan Hartslag Nu yn Jobbegea

Fjirtjin AED's en tsientallen frijwilligers

Bosmans sei fierder wiis te wêzen mei 'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach'. "Ze zijn nog geen anderhalf jaar bezig en hebben al zo'n veertien AED's en tientallen vrijwilligers. Dat is heel knap." De froulju fan 'Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach wiene ek wiis mei de tips en wiidweidige útlis fan Bosmans. "Wy hawwe in soad leard fan 'e moarn", seit Anja de Roos. "Wy sille no mei-inoar besykje om it systeem noch better te meitsjen. We hawwe ommers beide itselde belang; it fluch helpen fan minsken yn in needsituaasje."
HartslagNu en Hert foar Jobbegea sille tegearre AED-warskôgingssysteem ferbetterje
Anja de Roos en Ingrid Looij fan Hert foar Jobbegea en Hoarnstersweach