SC Hearrenfean op de tribune by Ajax tsjin Tottenham Hotspur

08 maaie 2019 - 16:12

Ajax hat de direksje fan SC Hearrenfean kaarten jûn foar de heale finale fan de Champions League woansdeitejûn tsjin Tottenham Hotspur. Net allinnich de Hearrenfeandireksje, mar de direksjes fan alle santjin earedifyzjeklups hawwe kaarten krigen foar de wedstriid yn Amsterdam.

Foto: ANP

Fan de útnûging fan Ajax giet ek in boadskip út, nammentlik: "We moeten het in de eredivisie met elkaar doen." Dat hat te krijen mei it ferpleatsen fan spylronde 33. De KNVB besleat dy folsleine spylronde te ferpleatsen, omdat it fuotbalbûn der gjin rekken mei hâlden hie dat in Nederlânske ploech de heale finale fan de Champions League helje soe. Ajax soe oars foar de earste wedstiid tsjin Tottenham minder as de ferplichte 48 oeren rêst krije en dus waard de maatregel naam de folsleine spylronde te ferpleatsen.

SC Hearrenfean hat dêr, neffens foarsitter Cees Roozemond, nea in probleem fan makke. "Het was eenmalig en dus vinden wij dat we daar gehoor aan moeten geven", sa lit hy witte. "Wij hebben nu twee kaarten toegestuurd gekregen en daar maken wij graag gebruik van."

De wedstriid yn de Johan Cruijf Arena yn Amsterdam begjint woansdeitejûn om 21.00 oere. Ajax wûn it earste duel tsjin Tottenham Hotspur mei 1-0.

(advertinsje)