Avondvierdaagse Bûtenpost fan 'e baan fanwege te min frijwilligers

De Avondvierdaagse yn Bûtenpost kin dit jier net trochgean. Der binne fierstente min frijwilligers beskikber. De organisaasje seit it tige spitich te finen dat no sa'n fjouwerhûndert bern teloarsteld wurde moatte.
© Avondvierdaagse Bûtenpost
Der binne foar allle jûnen sa'n fyftjin oant tweintich frijwilligers nedich foar de feilichheid fan it evenemint. Om't dat tal minsken, ek nei meardere oproppen, net fûn wurde kin is no besletten de stekker der foar dit jier út te lûken.
De organisaasje seit it ûnbegryplik te finen dat yn in plak as Bûtenpost net genôch frijwilligers fûn wurde kinne om de jûnskuiertocht fan meardere dagen foar skoalbern trochgean te litten.