HEA! Blikjes en dopkes foar it goede doel

08 maaie 2019 - 14:47

It hiem fan Elly Leijstra út Brantgum stiet fol mei bakken blikjes en dopkes. Minsken yn 'e buert helpe fanatyk mei oan har aksje 'Blikje Dopje'. Dêrmei wol se 100.000 euro ophelje foar ûndersyk nei harsentumoaren. Trije jier lyn krige Leijstra sels it minne nijs dat se in harsentumor hat. Har wurk yn de hendikeptesoarch kin se dêrtroch ta har grutte fertriet net mear dwaan. "Dizze ynsammelaksje is myn driuwfear om alle dagen wer fan bêd ôf te kommen."

(advertinsje)
(advertinsje)