"It tekoart fan De Harmonie hat gefolgen foar de takomst"

08 maaie 2019 - 14:19

As it giet om kultuer moat it net altyd om jild gean. Dat fynt teäterdirekteur Marijke van der Woude fan stedsskouboarch De Harmonie. Tiisdei waard bekend dat De Harmonie dit jier ôfslút mei in tekoart fan trije ton.

Teater de Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It finansjele tekoart is net fuortendaliks in probleem, om't it op dit stuit dutsen wurdt út de reserves. Mar nei de takomst ta hat it wol deeglik ynfloed op de ambysjes fan it teäter, sa tinkt teäterdirekteur Marijke van der Woude. "Drie ton is niet niets, en we zitten op dit moment, zo na LF2018, juist op een punt dat we hele mooie zaken hebben geproduceerd en we door willen gaan op die flow." In finansjele dip op dit momint hat neffens de direkteur dus in effekt op de post-LF2018 plannen.

De oarsaak fan dit finansjele tekoart moat neffens Van der Woude benammen socht wurde yn de delgong fan de subsydzjes en de hegere prizen. "Je moet het niet altijd over geld hebben, en we proberen creatief met ons geld om te gaan. Maar toch moet je op een gegeven moment ruimte krijgen om investeringen te doen, en dat wordt nu erg lastig."

It is noch net wis oft de gemeente Ljouwert helpe kin om it finansjele gat fan De Harmonie te tichtsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)