FIDEO: Binnensjen by de 'nije' Miro yn Ljouwert

Nei trije en in heale wike ferbouwen is de âlde Miro by it Drachtsterplein yn Ljouwert woansdeitemoarn wer iepengien. De ferbouwing wie nedich om it mear as fjirtich jier âlde gebou by de tiid te krijen, sadat it wer oan de hjoeddeiske easken foldocht. It wie in enoarme ferbouwing, allinne de bûtenmuorren binne stean bleaun. En eins is it noch net iens hielendal klear, mar de nije Albert Heijn XL-winkel koe dochs de doarren iepenje.
Iepening AH XL
Harkje nei in radioreportaazje