Verslavingszorg Noord Nederland: "Gniisgas is net ferslaavjend"

08 maaie 2019 - 13:04

Verslavingszorg Noord Nederland (VNN) krijt hieltyd faker fragen oer gniisgas. Benammen âlden wolle witte hoe't it guod wurket en freegje om ynformaasje. Dat seit previnsjemeiwurker Marcel Seuninga fan Verslavingszorg Noord Nederland. Neffens de ynstânsje is it brûken fan gniisgas net ferslaavjend.

Ballon mei gniisgas wurdt ferkocht yn kafee Mango - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It hat noch wolris in dwersferkeard effekt om jongeren op de gefaren fan middels te wizen, dochs bliuwt Verslavingszorg Noord Nederland gniisgas in 'drug' neamen. "Wy witte allinnich dat de gefaren by lachgas folle lytser binne", seit Seuninga. "Al nimst it noait sûnder risiko's. Belangryk om te witten is datst in foarm fan drugs noait sûnder risiko's nimst, mar wy witte dat yn fergelyk mei oare middels de risiko's lytser binne."

Wat docht gniisgas mei dyn holle?

Net allinnich yn de hoareka, mar ek yn sikehuzen wurdt in soad gniisgas brûkt. Dan wol mei in hiel oar doel. It wurdt brûkt as narkoazemiddel foar lytse bern, mar ek troch froulju tsjin de pine by befallingen. "Het loopt door het hele ziekenhuis in leidingen naar de operatiekamers", fertelt anestesiolooch Theo van Gelder fan it MCL yn Ljouwert.

It wurdt dus brûkt om minsken yn sliep te bringen, yn kombinaasje mei oare middels. "Het gaat naar het centrum van je hersenen, waar je slaap- en waakcentrum zit en dat wordt gedempt. Bij lachgas val je niet helemaal in slaap. Daarom is voor narcose nog een extra stofje nodig."

Famke nimt gniisgas yn kafee Mango - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Je soene sizze kinne dat it brûken fan gniisgas gjin gefaar opsmyt, mar dat is net wier. "Wanneer je meerdere keren per week langer achter elkaar lachgas gebruikt, kun je dat voornamelijk op de langere termijn merken. Je krijgt problemen met je bloedaanmaak, met je zenuwstelsel en je hebt een verhoogde infectiekans", warskôget Van Gelder.

Ek it oanmeitsjen fan de saneamde B-fitaminen wurdt remme en de wurking giet efterút. "Veelvuldig gebruik is dus niet gezond. Ook je zenuwstelsel heeft veel B-vitaminen nodig."

Wanneer je meerdere ballonnen neemt en dus een paar keer puur lachgas inademt, dan verdring je het zuurstof in je hersenen.

Theo van Gelder, anestesiolooch yn it MCL

Op de koarte termyn binne de gefolgen hiel oars, seit Van Gelder. "Wanneer je een ballonnetje gebruikt is er vrij weinig aan de hand. Wanneer je meerdere ballonnen neemt en dus een paar keer puur lachgas inademt, dan verdring je het zuurstof in je hersenen. Dan heb je zuurstofgebrek en dat is schadelijk voor de hersenen."

Gjin kâns op ferslaving

Neffens VNN is gniisgas net ferslaavjend. "Lachgas wurdt ynazeme mei in ballon. It jout eins in koarte roes en dy is ek mei in pear minuten wer fuort", seit Seuninga. Neffens him is it dêrom ek sa yn trek. "It is sa populêr om't it koart is en minsken der in soarte fan 'lachkick' fan krije. Minsken hawwe der fierder ek net folle lêst fan. We sjogge op dit stuit net dat it gas ferslaavjend is."

Dêr moat noch wol wat ûndersyk nei dien wurde, seit Seuninga. "Mar der binne by ús gjin minsken bekend dy't in ferslaving hawwe. It is in flechtige stof, it bliuwt net lang yn dyn liif. Der wurdt dus gjin tolerânsje opboud. Der ûnstiet ek gjin saneamde 'craving', earnstich longerje, nei gniisgas."

Martin Seuninga fan Verslavingszorg Noord Nederland en anestesiolooch Theo van Gelder fan it MCL

(advertinsje)
(advertinsje)