Tinderje foar in goeie match, foar personiel

08 maaie 2019 - 12:43

De syktocht nei personiel is yn guon sektoaren hieltyd dreger. Om alles better op inoar oanslute te litten, hat detasjearder Kenonz fan De Gordyk in Tinder foar Frysk personiel opset.

Foto: Omrop Fryslân

It doel fan de app is foaral om op in leechdrompelige wize de kompetinsjes fan in kandidaat yn byld te bringen. Mar dêrnjonken krije je ek in byld fan de hobby's, ambysjes en fitheid fan immen. De gedachte is dat it faak in toer is om foar in fakatuere de geskikte kandidaat te finen. Troch dizze app moat de kâns op in goeie match ferbettere wurde.

It bedriuw Kenonz hat trije fêstigingen yn it lân en sa'n 260 meiwurkers.

Trefwurden: 
fakatueres personiel app Kenonz
(Advertinsje)
(Advertinsje)