Drûchte hat net foar ekstra kadeskea soarge

08 maaie 2019 - 11:25

De drûchte fan it ôfrûne jier hat net soarge foar ekstra skea oan kaden. Dy konklúzje lûkt Wetterskip Fryslân.

dyk, kade, drûchte, skuorren - Foto: Omrop Fryslân

De konstruksjeskea bleau beheind ta 25 gefallen. Dêrfan wie op trije plakken direkt herstel nedich. De oare skea wurdt safolle mooglik foar it kommende stoarmseizoen oanpakt.

Neffens it Wetterskip giet it al mei al om in flinke delgong fan skeagefallen yn fergelyk mei in jier earder. En dêrmei liket it derop dat de drûchte gjin strukturele gefolgen hân hat, sa tinkt it Wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)