Fine we takom jier ljipaaien fan fjouwer meter heech?

In nêst mei ljipaaien fan fjouwer meter heech moat middenyn it Fryske lânskip komme. Keunstner Henk Hofstra út Drachten en stichting It Broedsje, dy't dizze wike oprjochte is, wolle dit keunstwurk mei deselde namme realisearje.
© Henk Hofstra
It is de bedoeling dat troch it keunstwurk it debat oer der rappe feroaringen fan it Fryske lânskip ferbrede wurdt. De inisjatyfnimmers wolle dêrom dat It Broedsje op in prominint plak yn Fryslân komt. Tocht wurdt oan in lokaasje tusken de Wâldwei en de Himpensermarpolder. De reuzeljipaaien binne dan sichtber foar it ferkear op de N31 en minsken kinne der ek hinne om se fan tichteby te besjen en oan te reitsjen. Der komt boppedat in plakette mei ynformaasje oer de greidefûgels en biodiversiteit.
It stribjen is dat It Broedsje yn de maitiid fan 2020 pleatst wurdt. Keunstner Hofstra wurket oan it projekt yn oparbeidzjen mei It Fryske Gea en de Fryske Miljeu Federaasje.
Keunstner Henk Hofstra fan Drachten oer It Broedsje
Earder makke Hofstra grutte aaien op it Saailân yn Ljouwert, in blauwe feart en reade eamelers yn Drachten.