Polityk Eaststellingwerf benaud foar parkearoarloch

08 maaie 2019 - 10:55

De VVD-fraksje yn Eaststellingwerf is benaud foar in parkearoarloch yn Easterwâlde.

Fuortsleepregeling - Foto: Shutterstock.com

It draait allegearre om wenningbou oan de Nanningawei yn Easterwâlde. Dêr sille neffens it bestimmingsplan noch 41 wenningen byboud wurde. Probleem is lykwols it parkearjen. Want dat is troch de ûntwikkelder net meinaam yn de plannen. En dat smyt in flink tekoart oan parkearplakken op yn it gebiet De Wrongel.

De polityk is benammen benaud foar oerlêst yn omlizzende strjitten. It kolleezje fan B&W fan Eaststellingwerf seit dat der oan de Nanningawei noch genôch romte is om oan de kant fan de dyk te parkearjen. Mochten der dochs problemen ûntstean dan tinkt it gemeentebestjoer nei oer ekstra maatregels.

In part fan de gemeenteried fynt dat B&W noch al mei oplossings komme moat.

(advertinsje)