Kollum: "Laitsje"
"Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert sei yn syn 4-maaiebetinking yn de Prinsetún dat syn opfolger of opfolchster dy betinking ek dwaan moat. Dat bepaalt in boargemaster lykwols net, dat docht de ried. En in goede ried docht wat in grut part fan de mienskip graach wol. Boargemasters dy't fuortgeane, tinke hiel faak dat se in hiel wichtige rol spile ha yn de mienskip, mar meastentiids merkt dy mienskip der neat fan as dy man fuort is of der noch omhinget. In boargemaster is allang net mear in bepalende figuer.
Wol in binende figuer. Sa't Tjeerd van der Zwan dat die op It Hearrenfean doe't de fuotbalfroulju yn de kjeld kamen troch finansieel wanbelied fan de stichting, dat likemin op de sinten passe koe as de grutte klup. Van der Zwan hat der foar soarge dat alles wer te plak liket te kommen. Fansels lit de ried him dus net donderje, al moatte se der oardel ton liening yn stekke, wêrfan't it hielendal net wis is dat se dat ea weromsjen sille. En it iishockey, en al dy oare sporten wolle no ek wol liene. Mar hawar.
Sybrand van Haersma Buma is in binende figuer. Se sizze dat hy nije wike as de nije boargemaster fan Ljouwert tefoarskyn komme sil. It is net sa dat de betrouwenskommisje fan Ljouwert oan him tocht hie, mar se moatte him yn Den Haag op in kreaze wize kwyt en Ljouwert komt tafallich frij. En der is noch altyd in groepke Keamerleden dwaande om ûnderling dy boargemasters te regeljen, en wierskynlik binne der genôch Ljouwerter betrouwenskommisjeleden dy't omheech wolle yn dy partijen. Dy partijen tinke noch altyd dat boargemasters bepalende figueren binne, dus se bemuoie har der mei. Dus Sybrand komt.
Ik sei it, hy is in binende figuer. Dy't noch binender wurdt, as hy it keursliif fan it CDA wat ôfskodzje kin. En dat kin in boargemaster altyd maklik, troch te sizzen dat in boargemaster boppe de partijen stiet. Dêr hat it âlde PvdA-Twadde Keamerlid Ferd Crone altyd wol wat muoite mei hân. Dêrom ek dat hy wer in echte politike jonge wurdt yn de Earste Keamer.
Syn hast lêste strapats yn Ljouwert wie syn soarch oer it lachgas. Ik besykje absolút net om der in Frysk wurd foar te betinken. Lachgas is folslein legaal spul, inkeld om 4 maaie hinne stroffelje we oer it wurd gas. De fleurige helte fan de mienskip brûkt it om de oare soere helte fan it folk wat by te waskjen. Je sûgje wat oan in ballontsje en hupsakee je begjinne te gnizen of je slaan oaren de knibbels oan pún fan it laitsjen. It is net slimmer as dat je wat dronken binne en dat is folle goedkeaper as dat je der earst in heal kret bier of in mingel jenever trochhinne jeie moatte.
Lykwols Crone fynt lachgas in bedriging. Dus doe't we nei it Ljouwerter befrijingsfestival woene yn kjeld, rein en skrale wyn namen we wat mei. Mar we koenen net oars Ljouwert yn komme as we moasten ús alhiel neaken útklaaie en de spuitsjes lachgas waarden ús út de kont weihelle. Dus Ljouwert wie de hiele dei in treurige boel.
It is ek frjemd dat Crone it net lije woe. Hy is ien fan de boargemasters dy't thús wol in himpplantaazje ha wol en dêrmei de coffeeshops legaal fan de meast freeslike drugs foarsjen sil. No sizze se fansels dat se dat dwaan wolle fanwege dat ûngelikense gedoch fan kriminelen dy't je oan de efterdoar drugs ferkeapje, wylst je it foar gewoan troch de kofje dogge.
Mar: Crone kaam fan Dordrecht; studearre yn de 70'er jierren yn Amsterdam. Ik tink... no lit ús sizze dat hy der wolris oan snúfd hat.
It Snitsers boargemastersjonkje Buma, mei in steile heit, studearre tsien jier letter yn Grins. Nee, dy waard it net gewaar. Mar hy hat mei de lêste ferkiezings sein dat we fleuriger tsjin elkoar dwaan moatte. As we dat net kinne, dan moatte we miskien wat fan dat legale lachgas brûke. Mar ik tink dat Buma aanst dy himpplantaazje fan Crone troch de plysje oppakke lit.
Hjoeddeiske bestjoerders oer datsoarte saken. Ik skuor my de bûsen út. Watte, ik laitsje my dea. Sûnder lachgas."