Ljouwert krijt as earste Wite Anjer Perkje foar feteranen

08 maaie 2019 - 10:25

De gemeente Ljouwert krijt as earste gemeente yn Nederlân in saneamd Wite Anjer Perkje. It perk is bedoeld as blyk fan wurdearring foar oarlochsfeteranen.

Foto: Google Maps

It spesjale perk komt by de Amelandsdwinger, njonken de eardere Prins Frederikkazerne, yn it sintrum fan de Fryske haadstêd. It Nationaal Comité Veteranendag die koartlyn in oprop oan Nederlânske gemeenten om de feteranen te earjen en te wurdearjen.

Foar it Ljouwerter gemeentebestjoer wie dy oprop reden om der wat mei te dwaan. It perkje wurdt ynkoarten offisjeel iepene mei as spesjale gasten Ljouwerter feteranen en bewenners fan de Prins Frederikkazerne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)