Drûge maitiid sit greidefûgels by Koudum net dwers

08 maaie 2019 - 07:33

De berjochten dizze maitiid binne net goed as it giet om de greidefûgels. It is te drûch en boeren waarden in skoft lyn oproppen om wetter op it lân te setten. Yn polder de Samenvoeging by Koudum hawwe sy lykwols ien fan de bêste briedseizoenen fan de ôfrûne tsien jier. Op 25 bunder lân yn de Koudumer polder de Samenvoeging hawwe fûgelwachters Piet Venema en Sietse van der Wal 88 aaien fûn.

It giet om tritich ljippenêsten, tolve skriezenêsten, tsien tjirkenêsten en twa nêsten fan de strânljip. Boer Sietze Henk Haytema pachtet it lân fan Staatsbosbeheer en docht der yn oparbeidzjen mei de fûgelwacht en in jager alles oan om it de greidefûgels nei it sin te meitsjen.

Mar wat echt it ferskil makket, is dat hy heal febrewaris it wetter al omheech set hat, sadat ûnder oare it ynsektelibben him ûntwikkelje kin. Dit bart dus noch foardat de greidefûgels der yn grutte oantallen binne. En net allinnich hy docht syn bêst foar de greidefûgels; der binne mear boeren yn de polder dy't harren dêr foar ynsette.

Links fûgelwachter Piet Venema, yn de midden boer Sietze Henk Haytema en rjochts fûgelwachter Sietse van der Wal - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Dat is ek de tip dy't de Koudumer boer syn kollega's jaan wol; plas&dras is prima, mar je moatte der wol betiid mei begjinne. "Dat moat net wannear't it drûch wurdt. Dan binne je te let. Je hawwe der dan it maksimale oan dien", seit Haytema. Op it wiete lân groeit it gers lang sa hurd net en hy weidet der ek kij om it geskikt te hâlden foar de fûgels. Hy tinkt der ek oer nei om wer in tal groppen dy't ea ticht makke binne wer iepen te meitsjen.

Us paradyske

Haytema buorket ek noch op saneamd 'yntinsyf' lân en hy hat dy opbringst der ek by nedich. Syn oanpak wurke goed de ôfrûne jierren. "Je kinne echt sjen dat it better wurdt en it is no echt in goed fûgelgebiet wurden. Syn twa fûgelwachters genietsje wer yn it fjild. "It is ús paradyske", seit Piet Venema.

In soad wetter op it lân - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)