Ynteresse yn Fryske adel en har tinktekens nimt ta

De ynteresse foar âlde Fryske adel en har tinktekens nimt ta. Yn totaal 283 rou- of memorybuorden yn Fryslân hawwe de Frânske tiid oerlibbe. Faak noch orizjineel en net oerskildere, lykas yn oare parten fan ús lân. Haersma's, Heeringa's, Sminia's of Van Coehoorns steane der op mei famyljewapens.
Ynteresse yn Fryske adel en har tinktekens nimt ta
Der hingje in soad roubuorden en tinktekens yn de Fryske tsjerken. De somtiden monumintale 'overlijdensadvertinsjes' foarmje in part fan ús kultuerhistoarje en om dy te bewarjen binne der de ôfrûne tiid 70 roubuorden opknapt.
Yn it tv-programma Fryslân Hjoed is in nije rige te sjen oer dizze bysûndere roubuorden en tinktekens yn de Fryske tsjerken. Restaurator Randolph Algera hat de buorden foar ferfal behâlden en hy fertelt fan it opknapwurk. Faak sitte der hiele skiednissen efter in rouboerd. De symbolyk op de famyljewapens komt ek oan de oarder.