Besjoch hjir hoe't jongeren lachgas brûke

08 maaie 2019 - 06:00

Sûnt in jier is de ferkeap fan 'lachgas' yn de Fryske hoareka eksplosyf tanaam. Dat seit de grutste leveransier fan dat spul yn ús provinsje tsjin Omrop Fryslân. Yn Ljouwert wurdt it measte gniisgas ferkocht. By minstens sân hoarekagelegenheden is it rookleaze gas yn in ballontsje te krijen. Neffens de Keninklike Horeka Nederlân is dat absolút net winsklik, mar is der neat tsjin te dwaan.

Hoewol't mei de ferkeap fan de ballonnen yn prinsipe neat mis is, fynt de ôfdieling Fryslân fan de KHN it 'onwenselijk' wannear't patroanen en ballonnen mei gniisgas yn de hoareka ferkocht wurde. Dat seit Corné van de Erve, regiofoarsitter fan de Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Fryslân.

Wat is gniisgas?

Gniisgas is in namme foar 'distikstofmonoxide'. It middel wurdt fan oarsprong yn de medyske wrâld brûkt tsjin de pine. It ynazemjen soarget foar in koarte roes wêrtroch't de brûker de omjouwing oars belibje kin. Sûnt 1 july 2016 is de wetjouwing oer dit gas feroare wêrtroch't it net langer ferbean is om it rekreatyf te brûken yn de hoareka.

In patroan yn de Alde Doelestege yn Ljouwert - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Gefaarlik of net?

"Der moate spitigernôch earst deaden falle foar't der wat oan dien wurde kin", seit kroech-eigener Henny fan de Doelebar yn de Doelestege yn Ljouwert. Hy is op it brûken fan gniisgas tsjin en ferkeapet it net yn syn kroech. Neffens Henny kin der bliuwende skea oanrjochte wurde mei it gas. Dat wol er net op syn gewisse hawwe. Hy fynt it in belachlike hannel en hopet dat der gau in ferbod op komt.

Gerrit van der Meulen is ek ien fan de ûndernimmers dy't gjin gniisgas hawwe wol yn de hoareka. "Al vanaf het begin hebben wij de mening dat we niet achter lachgas staan. We weten niet wat de gevolgen op mensen op de lange termijn zijn. Daarnaast willen wij geen mensen in onze zaak die door een ballonnetje helemaal van de wereld zijn."

Der binne ek kroegen yn de Doelestege en op it Ruterskertier dy't dêr hiel oars oer tinke. Yn Ljouwert wurdt by De Nachtwacht, Sybs, Club Red, Bebidas, Bascule en en by kafee Mango gniisgas ferkocht.

By dy lêste is de eigener der in pear moannen lyn mei begûn, om't er seach dat syn klanten dêrom fregen. "Het is voor ons meer bijzaak, maar we willen het wel aanbieden", fertelt manager Panos Giannakis. Boppedat falt der in soad jild te fertsjinjen oan it willegas. "Ondanks dat we het naast de cocktails en de drankjes aanbieden, verdienen we er goed aan."

Famke nimt gniisgas yn kafee Mango - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Net allinnich yn Ljouwert

Bûten Ljouwert wurdt ek gniisgas ferkocht. Under oare by De Swetser op It Hearrenfean, TDF yn Berltsum, De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, Eigentijds yn Harns, De Treemter yn Grou, Club 1841, Alcatraz en Club 24 yn Snits wurdt of is it gas ferkocht.

Klanten kwyt oan gniisgas

"Gasten die geen lachgas bij ons konden krijgen liepen weg naar de concurrent", fertelt kroechbaas Van der Meulen fan de Oude Stoep en de Kantelaar. "Maar ik denk dat onze klanten het nu wel kunnen waarderen dat het bij ons niet verkrijgbaar is."

"De NVWA ziet erop toe dat handelaars van lachgas voor ballonnen of lachgaspatronen zich houden aan de Warenwet. Bij gebruik van lachgas als partydrug treden we niet handhavend op, omdat onderzoek aantoont dat er geen risico's zijn bij normaal recreatief gebruik. Extreem (veel of veelvuldig) of onjuist gebruik is wel risicovol."

Grutste leveransier yn Noard-Nederlân

Ien fan de grutste leveransiers fan laitsgas yn Noard-Nederlân is De Ballonnenboer. It bedriuw fan de twa Fryske ûndernimmers Leevie Keyzer en Wytse Rosier leveret, sa't se it sels sizze 'medysk sertifisearre lachgas' oan ferskate kroegen en diskoteken yn it noarden fan Nederlân. Dêr binne se yn 2018 mei begûn. "Wij zijn nu tien maanden bezig. Het is begonnen als een streven naar service die ontbrak."

De twa ûndernimmers sjogge dat der in taname sit yn de ferkeap fan gniisgas. Al fine se dat de konsumint derom tinke moat hokker oft se keapje. "De onduidelijkheden omtrent lachgas hebben vooral te maken met lachgaspatronen. Hier zit een ander soort lachgas is, dat wel degelijk slecht is voor de mens. Dat heeft te maken met de hoeveelheid ijzer die erin zit. Wij pretenderen te allen tijde medicinaal lachgas te consumeren."

De Ballonnenboer advisearret om allinnich sittend of steand lachgas yn te azemjen.

Gas fan in leveransier mei sertifikaten

Sander van Essen is eigener fan Club Red. Syn klup ferkeapet sûnt 2017 gniisgas. Se binne dermei begûn om't it maklik is omwille fan de wetjouwing en der al in tiid ferlet fan is. Van Essen is him wol bewust fan de kwaliteit fan it gas. Hy wol wol wat goeds leverje, om't er as kroech ferantwurdlik is. Se keapje A+ gas yn en net B- of C-gas sa't er dat neamt. It is djoerder, mar der sit in minder skerp rântsje oan. It is fan bettere kwaliteit. "Ik heb geen zin in gekke shit van een of andere sjappie."

It moat dus wol feillich wêze. Hy keapet it yn by in sertifisearre leveransier. Se hawwe nea ynsidinten hân mei it gniisgas. Se sjogge der wol op ta dat besikers net tsien of tweintich ballonnen achterinoar nimme. Oan minderjierrigen op bygelyks skoallefeesten ferkeapje se it guod net, allinnich oan jongerein boppe de 18 jier.

Ballon mei gniisgas wurdt ferkocht yn kafee Mango. - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Trije euro foar in ballon

Neist de klanten smyt de ferkeap ek omset op. Van Essen wol net presys sizze hoefolle ballonnen oft se yn in wike ferkeapje. Hy fertelt dat it yn syn Club Red net te ferlykjen is mei de ferkeap fan bier of oare drankjes. Dat is folle mear.

Trefwurden: 
hoareka lachgas gniisgas
(advertinsje)
(advertinsje)