Soad krityk by ynstallaasje nij deistich bestjoer wetterskip Fryslân

Water Natuurlijk en PvdA kamen tiisdei mei stevige krityk op it bestjoersakkoart fan Wetterskip Fryslân. Dat bestjoersakkoart toant neffens de partijen te min ambysje op it mêd fan natuer en it oanpakken fan de problemen yn it feangreidegebiet. Tagelikertiid wurde de wetterskipslesten takommend jier ferhege.
Soad krityk by ynstallaazje nij deistich bestjoer wetterskip Fryslân
Otto van der Galiën fan de formaasje 'Lagere lasten burger' waard yn it Deistich Bestjoer fan it wetterskip keazen. Dat betsjut dat hy no gjin legere mar hegere tariven ferdigenje mei. Water Natuurlijk hat dêr net folle begryp foar. "It is krekt of binne je fergetten, wat je earder sein hawwe", sei Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk tsjin Sjerp de Jong fan Lagere Lasten Burger.
De partij waard woansdei ferskate kearen 'Hogere lasten burger' neamd. "Dat kinne je ferwachtsje. Wy hiene de kar om of ferantwurdlikheid te nimmen of om yn de opposysje te bliuwen. Wy hawwe foar it earste keazen. Ik bin der fan oertsjûge dat de ferheging foar de langere termyn goed útpakt. It is spitich, mar it kin echt net oars", seit Otto van der Galiën.
Deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan Lagere Lasten Burger
It nije deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân mei Annet van der Hoek en Otto van der Galiën © Omrop Fryslân
De oare trije deistich bestjoerders fan it wetterskip binne Bé de Winter foar it CDA, Jan van Weperen foar de boeren en Annet van der Hoek foar it bedriuwslibben. De lêste twa bestjoerders stiene net op it stimbiljet, mar binne foardroegen troch harren achterban. "Dat fyn ik krekt it moaie fan it wetterskip, dat je de balâns sykje tusken al dy belangen", seit Annet van der Hoek. "It wetterskip moat, as it heal kin, net té polityk wurde, want it giet gewoan om skjin wetter en drûge fuotten."
Jan van Weperen reagearre op syn beurt wer ridlik fûl op de krityk fan Water Natuurlijk. Neffens him is de feangreide-oanpak yn Fryslân krekt 'in foarbyld foar hiel Nederlân'. Nei ferskate lokale eksperiminten fan de ôfrûne jierren sit de feangreidefyzje 2.0 der oan te kommen, sa fersekere Van Weperen.
Hy ûnderstreke ek dat de ambysjes fan Wetterskip Fryslân op it mêd fan duorsumens gelyk bliuwe ûnder it nije bestjoer. Henni van Asten fan de PvdA oertsjûge er net, want neffens har tilt it nije bestjoersakkoart op fan 'prachtige nietszeggende zinnen'.
Deistich bestjoerslid Annet van der Hoek