Drachtster Boys útskeakele yn heale finale distrikstbeker

07 maaie 2019 - 22:39

Tsjinstanners fan de Drachtster Boys yn de heale finale om de distriktsbeker wiene de Flevo Boys. De Drachtster Boys smieten alles yn de striid yn de thúswedstriid, mar se ferlearen mei 1-2.

Drachtster Boys - Foto: Orange Pictures

De thúsploech begûn fûl oan de wedstriid en naam it foartou. Se hiene twa goede kânsen, mar fersulveren dy net. Pas nei't Kaspers Dekens tsjin de peal skeat, slagge it Dave Boonstra yn de oanfal dêrnei om te skoaren: 1-0 foar Drachtster Boys. Mei dy stân sochten beide ploegen goed tsien minuten letter de klaaikeamers op.

De twadde helte wie amper begûn of de 1-1 stie op it skoareboerd. Madih Doufikar skoarde de lykmakker. In pear minuten letter hie Doufikar op 'e nij in goede kâns. Keeper Desmond Louwerens tikke de bal nei de latte en soarge derfoar dat de Flevo Boys net fierder útrûnen.

Dêr't de Drachtsters de earste helte de bettere ploech wienen, wie de twadde helte alles folle mear yn lykwicht. Pas yn de 86e minút slagge it Flevo Boys om de foarsprong te pakken. De Drachtster Boys smieten alles yn de striid, mar ferlearen de wedstriid mei 1-2 en dêrmei lizze se út de striid om de distriktsbeker.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
(advertinsje)
(advertinsje)