Skouboarch De Harmonie komt dit jier 3 ton tekoart op de begrutting

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert einiget dit jier yn de reade sifers. Der moat trije ton by om de begrutting 2019 slutend te krijen. De direksje fan De Harmonie hat by de gemeente in begrutting yntsjinne fan goed 3,4 miljoen euro. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol lykwols net mear jaan as 3,2 miljoen euro. It tekoart wurdt oanfolle út de reserves.
Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It tekoart fan dit jier is hast lyk oan it bedrach dat de skouboarch de ôfrûne jierren ekstra krigen hat fan de gemeente. Fan 2015 oant en mei 2017 waard 300.000 euro ekstra subsydzje jûn. Dat is ien jier ferlinge, yn 2018, fanwege Kulturele Haadstêd.
Dochs is de direksje fan de skouboarch yn de begrutting oer 2019 al útgien fan it ekstra jild. Yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is oanjûn dat de gemeentlike opdracht net útfierd wurde kin sûnder dat ekstra jild.
Beide partijen hawwe dêroer oerlis hân en doe is oanjûn dat it tekoart oanfolle wurdt út de reserves. Dy romte is der, seit wethâlder Sjoerd Feitsma. De programmearring foar 2019 is net yn gefaar.
It kolleezje jout oan dat foar 2020 ek gjin ekstra jild beskikber is foar De Harmonie. Takom jier wurdt al praat oer de takomst. Dan wurdt besjoen wat de mooglikheden binne nei de takomst ta en oft de gemeente dan ekstra jild beskikber stelle kin.
Der wurdt fierder oantrune op gearwurking mei poppoadium Neushoorn. Dêr rint op it stuit in ûndersyk nei. Dat smyt allinnich nea safolle jild op dat it tekoart fan trije ton dêrmei dutsen wurdt.