Jong SC Cambuur ferliest yn Kerkrade fan Jong Roda JC

07 maaie 2019 - 21:47

Jong Cambuur en Jong Roda JC troffen inoar yn Kerkrade. De Ljouwerters kwamen twa kear op foarsprong, mar kearden sûnder punten werom nei hûs. Einstân: 3-2.

Tyrone Conraad by in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

It wie Rashaen de Windt dy't yn de earste helte de iepeningstreffer wist te skoaren. Al nei 21 minuten stie de 0-1 op it skoareboerd. Yn de 36e minút antwurde Jong Roda JC mei de lykmakker. De partij kaam yn lykwicht. Foar it skoft slagge it de Ljouwerters net om noch kânsen te fersulverjen.

Doe't it fluitsinjaal wer klonk, setten de Ljouwerters fuortendaliks druk. Al yn de 47e minút slagge it om op 'e nij te skoaren. Dizze kear wist Tyrone Conraad de goal te finen. De foarsprong duorre allinnich net sa lang, want yn de 53e minút lei de lykmakker achter keeper Abdel el Ouazzane yn it net. De tredde goal fan de thúsploech foel inkelde minuten letter. It slagge de Ljouwerters dêrnei net mear om it doel fan de tsjinstanners te finen. Se giene dan ek sûnder punten werom nei hûs. Einstân: 3-2.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)