Heartbreak Hotel op Skylge dei ticht fanwege personielskrapte

07 maaie 2019 - 21:41

Heartbreak Hotel op Skylge is fanwege krapte no woansdeis net iepen. It strânpaviljoen kin net genôch personiel en wenromte foar personiel fine om de personielsbesetting klear te krijen. Salang't de strântinte bestiet, is soks noch nea earder foarkaam.

Foto: Heartbreak Hotel

Personielskrapte is in bekend probleem op de Waadeilannen. It strânpaviljoen is de oare dagen fan de wike wol gewoan iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)