Hûnderten minsken dogge mei oan aksje foar behâld Nij Ylostins yn Drylts

07 maaie 2019 - 20:40

Hûnderten minsken hawwe tiisdeitejûn meidien oan de aksje foar behâld fan soarchkompleks Nij Ylostins yn Drylts. In grutte groep oanwêzigen stie hân yn hân. Se foarmen sa in sirkel om it gebou hinne.

Yn Nij Ylostins wenje goed fjirtich âlderen. Wenningboukorporaasje Elkien wol mei soarchorganisaasje Patyna op it plak fan Nij Ylostins in nije foarsjenning bouwe foar wenjen en soarch. Mei de nijbou wolle de organiaasjes it foarsjenningennivo yn Drylts op peil hâlde.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De bewenners fine dat it gebou út 1972 net sloopt hoecht te wurden. Sy binne noch hiel tefreden oer harren wenning. Elkien bliuwt by it beslút om Nij Ylostins te slopen. Der hat in petear west mei Patyna, de gemeente Súdwest-Fryslân en Elkien. Dêr is út kaam dat der yn alle gefallen nijbou komme sil.

It aksjekomitee wol dat de bewenners yn alle gefallen byinoar bliuwe. Byneed kinne der wenkonteners pleatst wurde, wylst de nijbou oan de gong is.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Soarchûndernimmer Simmy de Vries fan Sigerswâld hat plannen om Nij Ylostins te behâlden. Earder hat se har ynset foar De Spiker yn Ternaard. Ynvestearder Henk Hoekema fan Koudum hat kontakt socht mei Elkien, mar dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Drylts Nij Ylostins
(Advertinsje)
(Advertinsje)