Folle krêft foarút: Aris-supporter Roderick is der altyd

Yn de fiifde ôflevering fan 'Folle krêft foarút' folgje wy Roderick Slof. Hy is al mear as njoggen jier fanatyk supporter fan Aris Ljouwert. Roderick mist hast gjin wedstriid en dus is er der fansels ek by as Aris it yn de kwartfinale fan de play-offs om it lânskampioenskip opnimt tsjin Landstede Basketbal út Zwolle. Dy wedstriid moat wûn wurden, oars sit it seizoen foar Aris en Roderick derop...
Folle krêft foarút: diel 5
Yn de online rige 'Folle krêft foarút' folget Omrop Fryslân in pear wiken lang alles oer de Ljouwerter basketbalklup Aris. Hast elke wike komt op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app in ôflevering online.